Kolleezje Ljouwert wol miljoeneliening jaan foar ôfbou Blokhúspoarte

It kolleezje fan de gemeente Ljouwert wol in miljoeneliening jaan oan de eigener fan de Blokhúspoarte. It giet om in bedrach fan 1,35 miljoen euro oan eigener BOEi, sadat de Blokhúspoarte ôfboud wurde kin. De ried moat noch tastimming jaan.
De Blokhúspoarte yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Mei de liening wol it kolleezje temjitte komme oan it tekoart, wêrtroch't BOEi de bouwurksumheden oan de ein fan 2017 stillizze moast. Der wie in tekoart fan 5,5 miljoen euro; neffens it kolleezje hat de eigener yntusken 2,8 miljoen op it kleed lein. Fan de noch restearjende 2,7 miljoen hat it bedriuw de gemeente frege de helte yn de foarm fan in liening te ferstrekken.

'Risiko gemeente beheind'

Yn july hie de gemeente al tasein ree te wêzen in bedrach beskikber te stellen foar de Blokhúspoarte. Neffens it kolleezje binne de finansjele risiko's foar de gemeente 'tige beheind' en hat BOEi foldwaande finansjele romte om de liening ôf te lossen.