Epke Zonderland grypt neist titel Sportman fan it Jier

Epke Zonderland is op it Sportgala fan it NOC*NSF en de NOS net útroppen ta Sportman fan it Jier 2018. De priis gie nei de Drintske reedrider Kjeld Nuis. Hy wûn op de Olympyske Spelen yn Pyeongchang goud op de 1000 en 1500 meter. Derneist pakte hy in sulveren medalje op it WK Sprint yn Changchun.
© ANP
Zonderland wie nominearre fanwegen syn titel op it WK turnjen yn Doha. It wie de tredde kear dat de turner fan De Lemmer wrâldkampioen oan de rekstôk waard. Neffens turnkommentator Hans van Zetten fan de NOS wie it de bêste oefening dy't Zonderland yn jierren sjen litten hat. Yn 2009, 2011, 2012 en 2013 waard de Fries wol Sportman fan it Jier.
De tredde nominearre sporter wie de Noard-Brabânske Jeffrey Herlings. De 24-jierige motorcrosser waard yn 2018 wrâldkampioen yn de MXGP troch santjin fan de njoggentjin races wêryn't er meidie te winnen.