SC Hearrenfean yn kwartfinale beker nei muoisume winst op ODIN'59

SC Hearrenfean hat woansdeitejûn de kwartfinale fan de KNVB-beker berikt. De Friezen wiene yn de achtste finales yn it Rabobank IJmond Stadion mei 3-1 te sterk foar ODIN'59 út de tredde difyzje.
Pelle van Amersfoort nei Odin '59
Al binnen twa minuten kamen de Noard-Hollanners op foarsprong. Mitchel Bormann skeat út in lytse hoeke raak nei in grutte flater fan Nemanja Mihajlovic.
Duel tusken Ben Rienstra fan Hearrenfean en Mart Willemse © www.orange-pictures.nl
Lang koene de amateurs net genietsje fan de betide goal, want yn de njoggende minút kaam Hearrenfean alwer op gelikense hichte. Michel Vlap skoarde neidat in hoekskop net goed fuortwurke waard troch de ferdigeners fan ODIN. De útploech krige nei de lykmakker noch mar ien echt grutte kâns, mar doelman Barry van Dijk foarkaam in treffer fan Yuki Kobayashi.
Jan Olde Riekerink nei Odin '59

Nei it skoft

De besikers kamen nei it skoft goed út de klaaikeamer. Dat soarge foar inkelde kânsen foar de Friezen en úteinlik ek ta in goal. Hearrenfean kaam dêrtroch yn de 54e minút op in foarsprong troch in hurd skot fan oanfaller Sam Lammers. Krekt nei de twadde treffer krige Hearrenfean noch twa grutte kânsen fia Vlap en Lammers, mar sy slaggen der net yn om Van Dijk te passearjen.
Mei noch goed tweintich minuten op de klok waarden de amateurs sterker. De treddedifyzjonist krige doe ek in grutte kâns, mar de ynset fan Bormann waard troch ferdigener Lucas Woudenberg fan de line ôf helle. Ek Milo Cremers wie in kertier foar tiid noch ticht by in treffer, mar syn skot gie krekt neist. Yn de 82e minút krige de ploech út Heemskerk de útlêzen mooglikheid foar de lykmakker fia in frije trap op de râne fan de sechstjin, mar Jeffrey Kleijbroek skeat heech oer de goal fan doelman Warner Hahn.
© www.orange-pictures.nl

Beslissing

De beslissing fan it bekerduel foel úteinlik yn de 86e minút troch in goal fan Pelle van Amersfoort. De oanfallende middenfjilder makke der út in counter 1-3 fan. De amateurs drongen yn de blessuretiid noch oan, mar in treffer siet der net mer yn.
ODIN'59 - SC Hearrenfean 1-3 (1-1): 2. Mitchel Bormann 1-0, 9. Michel Vlap 1-1, 54. Sam Lammers 1-2, 86. Pelle van Amersfoort 1-3.
Opstelling SC Hearrenfean: Hahn; Floranus, Pierie, Rienstra, Woudenberg; Kobayashi, Van Amersfoort, Vlap (86/Bruijn); Mihajlovic (46/Rojas), Lammers (77/Høegh), Zeneli.