Keninklike earepinning foar Concordia Aldeboarn

De 100-jierrige muzykferiening Concordia út Aldeboarn krige sneon in keninklike earepinning útrikt. Dat wie op it jierlikse desimberkonsert fan de feriening. Foarsitter Namle Gerrit Waringa krige de pinning út hannen fan kommissaris fan de Kening Arno Brok.
© Concordia Aldeboarn
De keninklike earepinning is in eareteken dat ferliend wurde kin oan ferieningen of ynstellingen. It jout oan dat de kening respekt en wurdearring hat foar in feriening sa as Concordia yn Aldeboarn.
It wie foar de feriening in bysûnder momint om de earepinning yn ûntfangst te nimmen.