Wa wol in flaggemêst ha? Tytsjerksteradiel hat se yn de oanbieding

De gemeente Tytsjerksteradiel jout de LF2018-flaggemêsten dy't yn de gemeente steane fuort.
Gemeente Tytsjerksteradiel © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Klups of ferieningen dy't de flaggemêst graach hawwe wolle en de flagge derby moatte yn in ferhaal fan maksimaal 100 wurden dúdlik meitsje wêrom't de flagge it bêste by harren klub passe soe.
De fiif bêste ynstjoeringen krije dan de flaggemêst, brocht en delset troch de gemeente. Foar 7 jannewaris moatte de ferhalen binnen wêze by de gemeente.