Ried Smellingerlân "sit boppe-op" nije lokaasje foar wenweinplakken

Smellingerlân besjocht opnij wêr't in wenweinkamp komme moat yn de gemeente. De prioriteit liket dêrby yn Drachten te lizzen. De partijen yn Smellingerlân praten tiisdeitejûn oer in nije lokaasje foar sa'n tweintich plakken. De gemeenteried is it der unanym oer iens dat der no echt aksje ûndernaam wurde moat. Wenweinbewenners wolle al jierren in nij plak foar harren weinen.
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
Roy Postma fan D66 Smellingerlân oer de wenweinplakken
Roy Postma fan D66 yn Smellingerlân is bliid dat der lang om let aksje ûndernaam wurdt. De fraksje rôp de ried moandei al op om no einliks de plakken oan te wizen. "De wenweinbewenners ha no einlik krigen dêr't se allegear foar striden ha." Postma hat der alle fertrouwen yn dat it no goed komt.
"Dizze ried sit der boppe-op. Net allinne D66, mar ek alle oare partijen. We hâlde de wethâlder skerp en foar de simmer moat it allegear regele wêze." Neffens Postma sil wethâlder Eric ter Keurs him foar it nije wenweinkamp yn earste ynstânsje foaral op Drachten rjochtsje. "Hy hat ek sein dat dêr syn prioriteit leit."
Boppedat wurdt Drachtsterkompenije, dêr't earder al in wenweinkamp wie, ûndersocht as mooglike lokaasje. Neffens Postma is dêr yn prinsipe ek grien ljocht foar, mar moat der earst besjoen wurde wat dêr yn it ferline oan de hân wie. "Is der miskien fersmoarge grûn, moatte der noch wat oanpassingen yn de omjouwing wêze? Dat sil kommende tiid noch dúdlik wurde neffens ús."