Sosjale tsjinst Noardwest-Fryslân sit tenei op ien plak

De tsjinst dy't Sosjale Saken yn Noardwest-Fryslân fersoarget sit nei 17 desimber op ien plak. De lokaasje oan it Sint Martiniplantsoen yn Frjentsjer giet ticht. De oare lokaasje, it Smouthûs oan de Eisingastrjitte, wurdt útwreide. Alle meiwurkers kinne dêr tenei sitte.
© Google Streetview
De Tsjinst Sosjale Saken Noardwest-Frysân is der foar fjouwer gemeenten. Ynwenners fan Harns, Skylge, Flylân en Waadhoeke kinne tenei foar ôfspraken inkeld teplak yn it Smouthûs oan de Eisingastrjitte yn Frjentsjer.