D66 Smellingerlân komt mei alternativen wenweinkamp: "Ried moat mei de billen bleat"

De ried fan Smellingerlân moat mei de billen bleat en einlik mar ris útsprekke wêr't de 20 ekstra wenweinplakken dêr't ferlet fan is, komme moatte. Dat fynt de fraksje fan D66 yn Smellingerlân. Der wurdt al jierren praat oer nije lokaasjes en dat is neffens de Demokraten ûnakseptabel foar de doelgroep sels, mar ek foar de omwenners.
© Omrop Fryslân. Willem de Vries
D66 komt dêrom sels mei fjouwer opsjes: De Meer ticht by de Wielewaal, De Heideanjer, it bedriuweterrein A7 en in ûndersyk nei in beheind tal plakken op de eardere lokaasje yn Drachtsterkompenije.
De tiid fan swiethâlde is foarby.
Roy Postma, riedslid D66 Smellingerlân
Riedslid Roy Postma fan D66: "It giet no te folle oer 'not in my backyard' en te min oer alternative lokaasjes dy't in balâns biede tusken de winsk fan wenweinbewenners en omwenners." It riedslid wol dan ek dat dat der gau helderheid komt: "De tiid fan swiethâlde is no foarby."
De ried fan Smellingerlân hat de kwestje tiisdeitejûn op de wurklist.