Nije lokaasje foar it 'Paard van Fryslân'

Der is in nije serieuze lokaasje foar it saneamde 'Paard van Fryslân'. Yn stee fan in plakje óp de Ofslútdyk, wurdt no de kop fan de Ofslútdyk as it meast kânsrike plak sjoen.
© Omrop Fryslân, René Koster
Hajé wol it eardere Les Routiers restaurant dêr ferbouwe en fierder ûntwikkelje as hotel-restaurant. Yn dat projekt soe it mânske byld fan in Frysk hynder ek in plakje krije moatte. Sa soene yn alle gefallen in soad tûkelteammen oplost wurde kinne: der is al in ôfslach fan de grutte dyk, der is al parkearrûmte en der binne dêrom ek folop mooglikheden om ticht by it hynder te kommen om der bygelyks foto's te meitsjen.
Ben van der Knaap is oanlutsen as nije projektlieder en sil it plan fierder ûndersykje. Ek finansjeel is der in ûndersyk geande mei help fan in Frysk stielbedriuw en in saakkundige dy't earder belutsen wie by in ferlykber projekt yn Skotlân. Van der Knaap skat de kâns dat it hynder der oer trije jier steat op mear as 50%.
Ben van der Knaap