SCO ferliest fan thús fan Wageningen

De kuorballers fan SCO ha snein foar de tredde kear op rige ferlern yn de Haadklasse. Wageningen wie yn de sporthal yn Wolvegea mei 27-23 te sterk.
By it skoft wie it ferskil noch lyts: 11-12 foar de besikers. Dêrnei rûn Wageningen dus út.
It sealseizoen fan SCO begûn noch mei in oerwinning op Unitas/Perspectief, mar dêrnei hat de ploech fan de nije trainer Riko Kruit allinnich noch mar ferlern.