Menaam kriget multyfunksjoneel sintrum

De ynwenners fan Menaam binne út de skroeven. De gemeente Waadhoeke hat ynstimd om fan de gymnastykseal oan de Greate Buorren yn it doarp in multyfunksjoneel sintrum te meitsjen. De gemeente stelt dêrfoar in subsydzje en liening beskikber, beide fan goed 470 tûzen euro.
Ferbouwing gymnastykseal Menaam
Yn totaal hat Menaam oardel miljoen euro nedich foar it multyfunksjoneel sintrum. Der is noch in gat fan hûnderttûzen euro. Dat moat it doarp noch by inoar krije.