Van der Zwan: iishockeyhal bliuwt ticht salang't it ûndersyk nei de feiligens rint

De iishockeyhal fan Thialf bliuwt ticht oant it momint dat spesjalistysk ûndersyk nei de konstruksje fan de hal oantoand hat dat de hal wer feilich brûkt wurde kin. Dat sei boargemaster Tjeerd van der Zwan tongersdei op in parsekonferinsje oer syn beslút om de hal foarearst te sluten. Van der Zwan hâldt der rekken mei dat sa'n ûndersyk wol in moanne duorje kin.
De yngong fan de iishockeyhal is ôfset mei in readwyt lint © Omrop Fryslân
De ôfrûne hjerst is de iishockeyhal technysk ûndersocht fanwegen de plannen dy't Thialf hat foar renovaasje fan de hal. By dat ûndersyk kamen twivels oan it ljocht oer 'de stabiliteit fan de konstruksje'.

"Veiligheid niet gegarandeerd"

"Het komt erop neer dat er zorgen zijn over de stabiliteit bij grote druk op de constructie bij bij voorbeeld storm", fertelt Van der Zwan. "Het bedrijf kon de veiligheid van de hal niet garanderen. Ik wil geen risico lopen bij ijshockeywedstrijden met een paar duizend man publiek en daarom gaat de hal nu eerst dicht."
Boargemaster Tjeerd van der Zwan
Henk Hoekstra fan iishockeyklup UNIS Flyers neamt de maatregel 'desastreus' foar syn klup. As de hal langer ticht bliuwt as in pear wike komt neffens him de kontinuïteit fan de feriening yn gefaar. "We hawwe seizoenkaarthâlders, sponsors en hûnderten iishockeyers, dy't we no allegearre teloarstelle moatte. It is hiel simpel, in iishockeyklup kin net sûnder iis."

Traine yn Ljouwert

It earste team fan de Flyers traint freed yn de Ljouwerter Elfstedenhal, mar kin dêr net struktureel te plak. Wedstriden nei Ljouwert ferpleatse docht Hoekstra leaver ek net. "Dizze iishockeyklup heart by It Hearrenfean. Ljouwert is, wat sil ik sizze, 35 kilometer fierderop. SC Hearrenfean spilet dochs ek net yn it Cambuurstadion?"
Flyers-foarsitter Henk Hoekstra
Hoekstra, mar ek de jeugdôfdieling fan UNIS Flyers, dogge in berop op de gemeente Hearrenfean om te besykjen de perioade dat de hal net brûkt wurde kin sa koart mooglik te hâlden. "Dat willen wij natuurlijk ook graag. Maar het moet wel veilig zijn", seit Van der Zwan dêr oer.
De boargemaster hopet yn 'e rin fan nije wike mear dúdlikheid jaan te kinnen oer it tiidpaad fan it feilichheidsûndersyk.