Plysje pakt 17-jierrige Ljouwerter mei fyftjin nitraatbommen op

De plysje hat woansdei by in 17-jierrige Ljouwerter yllegaal fjoerwurk fûn. Hy hie fyftjin nitraatbommen. Dy hat de plysje yn beslach nommen.
© ANP
De lêste tiid kamen út de Eestraat, yn de wyk Oldegalileën, meldingen fan fjoerwurkoerlêst. Dat hat de plysje holpen by it finen fan de Ljouwerter. Dy wol net meiwurkje oan in Halt-straf foar jongerein tusken 12 en 18 jier dy't in licht strafber feit plege hawwe. Dêrom komt der in proses-ferbaal.