Histoaryske spoarwein fan Harns wurdt ynformaasjepunt yn Willemshaven

De ferneamde spoarwein dy't Harns as toiletgebou bedoeld hie, komt dochs nei de Willemshaven, mar dan as ynformaasjepunt. De gemeente kocht de histoaryske wagon yn 2016 foar 15.000 euro as ferfanging fan it sanitêrgebou yn de Willemshaven.
© Penta Architecten Harlingen
Al gau die bliken dat de spoarwein te lyts wie om sa brûkt te wurden. Nei in soad politike rebûlje ferdwûn de wagon tydlik út byld. De gemeente die in oprop om mei ideeën te kommen. Dêr is no út kaam dat de spoarwein ynrjochte wurdt as ynformaasjepunt.
It stribjen is dat de spoarwein noch dit jier farve wurdt. Takom maitiid wurdt de wagon op de rails yn de Willemshaven set, fuortendaliks nei't it eardere sanitêrgebou fuorthelle is.