Boeren krije bettere priis foar sipels, mar se binne minder lang hâldber

Fanwege de drûge simmer is it by in soad gewaaksen oars as oars. Dat jildt seker ek foar de sipels. De prizen binne op it heden goed, mar der wurde wol folle minder kilo's ferwurke.
Sipels op it lân © Shutterstock.com
Dat fernimme se ek by Konaxx yn Sint-Jabik. It bedriuw woe dit jier 10 persint groeie, mar dat sit er net yn. Foar twa meiwurkers moast sels al oar wurk socht wurde. Boppedat binne der twivels oer de kwaliteit fan de sipel. Benammen de hâldberens kin in probleem wurde, om't in middel tsjin it spruten net goed opnommen is.
De konsumint sil, njonken in hegere priis, net folle fernimme fan de problemen yn de sipelwrâld, om't de grutwinkelbedriuwen op grutte skaal de bêste partijen opkocht hawwe, seit Tjerk Nagel fan sipelhannel Konaxx yn Sint-Jabik.
Tjerk Nagel fan sipelhannel Konaxx