Slachtoffers bernemisbrûk troch Fryske psychiater krije help fan Terre des Hommes

De twa Nepaleeske jonges dy't it slachtoffer wurden binne fan seksueel misbrûk troch in bernepsychiater út Makkingea wurde yntinsyf begelaat troch Terre des Hommes. Dat skriuwt de helporganisaasje op har webside.
© ANP
De psychiater waard moandei feroardiele ta sân jier selstraf. De 66-jierrige man moat beide slachtoffers ek in skeafergoeding betelje. De jonges binne troch Terre des Hommes juridysk bystien yn it proses tsjin de man út Makkingea. Ek betellet de organisaasje harren skoaljild, sadat se ûnderwiis folgje kinne
Ien fan de twa jonges giet trije kear yn de wike nei in sintrum dêr't er lotgenoaten moetsje kin. Dat sintrum is fan in partnerorganisaasje fan Terre des Hommes. Syn famylje krijt itenspakketten, omdat se te earm binne om sels iten te keapjen.