Dokkumer (27) mislediget plysje en krijt boete

In 27-jierrige man út Dokkum is sneontenacht oanhâlden, nei't er de plysje misledige hie. De man en in 28-jierrige stedsgenoat waarden in kafee útset nei't se foar opskuor soargen. Beide manlju bleaune dêrnei lykwols by de kroech omhingjen.
© ANP
Doe't de plysje beide manlju fuortstjoerde, misledige de 27-jierrige man de plysjeminsken. Hy besocht dêrnei út te naaien, mar dat slagge net. De Dokkumer fersette him sa bot by syn oanhâlding, dat de plysje pepperspray brûke moast. De offisier fan justysje hat de man in boete jûn.