Hearrenfean pakt tsjin Fortuna de earste thúsoerwinning fan it seizoen

SC Hearrenfean hat tsjin Fortuna de earste thúsoerwinning fan it seizoen binnensleept. Yn it Abe Lenstrastadion waard it 3-1. De fideoskiedsrjochter hie in haadrol yn de wedstiid.
© www.orange-pictures.nl
Twa kear wie in diskutabele beslissing fan de fideoskiedsrjochter oanlieding foar ûndúdlikheid yn it stadion. Yn de earste helte bepaalde de fideoskiedsrjochter dat Hearrenfean gjin penalty krige. Oaren seagen op de bylden dat Arber Zenelli oanrekke waard yn it strafskopgebiet. En yn de twadde helte waard de tredde goal fan Hearrenfean goedkard, wylst doelpuntemakker Pelle van Amersfoort bûtenspul stean soe.
De hichtepunten út it wedstriidferslach fan Hearrenfean tsjin Fortuna
Al nei twa minuten spyljen waard in doelpunt fan Hearrenfean ôfkard. Arber Zeneli hie de bal yn it doel fan Fortuna krigen, mar it doelpunt telde net omdat er bûtenspul stie. Pas op slach fan rêst koe oanfierder Daniel Høegh skoare foar Hearrenfean. Mei in kopbal, út in hoekskop.
Direkt nei it begjin fan de twadde helte gong de bal op de stip. Arber Zeneli waard tsjin de grûn wurke yn it strafskopgebiet. Hy gong sels achter de bal stean, en soarge sa foar de 2-0. Flak dêrop skoarde Finn Stokkers foar Fortuna. Pelle van Amersfoort bepaalde de einstân op 3-1.
Nei ôfrin sei Van Amersfoort dat er by dat doelpunt it foardiel fan de twifel krigen fan de skiedsrjochter. "Ik kan je vertellen dat ik heel blij ben met mijn goal."
Reaksje nei de wedstriid fan Hearrenfean 1
Trainer Jan Olde Riekerinik is tige tefreden mei de útslach. Oer beslissingen fan de fideoskiedsrjochter, benammen by it dubieuze doelpunt fan fan Van Amersfoort, woe er it measte net kwyt. "Ik ben niet de VAR van de VAR. Maar hij telt toch?"
Trainer Jan Olde Riekerink oer de wedstriid tsjin Fortuna