CDA set Joop Atsma op twadde plak yn kieslist Earste Keamer

Joop Atsma út Surhústerfean is troch syn partij, it CDA, op it twadde plak set fan de kieslist foar de Earste Keamer. De 62-jierrige Atsma sit sûnt 2015 yn de Earste Keamer. Hy stie doe op it alfde plak yn de list.
© CDA
Ben Knapen is de listlûker fan it CDA by de kommende ferkiezingen, dy't op 27 maaie 2019 hâlden wurde. De list moat yn febrewaris noch offisjeel fêststeld wurde.