Oerienkomsten ûntbrekke: bou nije Cambuurstadion lit mooglik op him wachtsje

De gemeente Ljouwert freget belutsen partijen rûnom de ûntwikkeling fan it WTC-gebiet en it nije Cambuurstadion om op koarte termyn needsaaklike oerienkomsten oan te leverjen. Oars soe it projekt fertraging oprinne kinne, sa warskôget it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Ljouwert yn in brief oan de gemeenteried.
Sa moat it nije stadion derút sjen © Bureau voor Widdershoven architectuur en architecten BV
Neffens boargemaster en wethâlders wachtsje se noch op in keapoerienkomst fan de Stadion Ontwikkeling Cambuur (SOC), it WTC en eigener Jan Anker. Ek hawwe se noch gjin ferklearring krigen oer de feroaring fan it kompleks oan de Snitsertrekwei, dêr't no winkels sitte dy't plakmeitsje sille foar wenten.
Om grutte fertragings foar te kommen, hopet B&W fan Ljouwert op aksje by de oare partijen. 'Wij hopen dat u zo spoedig mogelijk alsnog kunt voldoen aan de gestelde voorwaarden opdat de mogelijke negatieve consequenties van de vertraging zoveel mogelijk beperkt kunnen worden', falt der te lêzen yn in brief nei de SOC.
De fraach is wat der allegear noch barre moat, foardat de earste peal de grûn yn kin. Wy sette it op in rychje.

Ljouwerter gemeenteried

As earste moat de Ljouwerter gemeenteried besluten nimme oer in oantal wichtige saken. It giet dan oer bygelyks in stêdeboukundich plan en in feroaring fan in bestimmingsplan. Op dit stuit stiet dit noch net op de aginda fan de Ljouwerter ried, mar de ynstek is om dat sa gau mooglik te dwaan. It wachtsjen dêrfoar is op boppesteande oerienkomsten en ferklearrings.
Wat noch in stroffelstien wêze kin, is de ferdieling fan de winkels yn Ljouwert. Mei de saken dy't yn it nije stadion komme, ûntstiet in nij grut winkelgebiet yn Ljouwert. Der binne mei de binnenstêd en De Centrale ek al twa grutte sintra. It moat inoar net yn it paad sitte en dêr sil de polityk dan ek rekken mei hâlde moatte.

Provinsje

De provinsje Fryslân sil mooglik in finansjele bydrage fan fiif miljoen euro leverje oan de ûntwikkeling fan it WTC-gebiet. Dêrfoar sil de gemeente Ljouwert stikken oanleverje moatte oan de provinsje, sadat der yn Provinsjale Steaten oer stimd wurde kin. De provinsje is yn ôfwachting fan de ynformaasje dy't se nedich ha.
Dêrnei kin it op 'e aginda set wurde fan de provinsjale polityk. Wichtich is wol dat it net te lang mear duorret, om't der yn maart 2019 provinsjale ferkiezings binne. Tagelikertiid freget ek de provinsje om ekstra omtinken foar de ferskate winkelgebieten yn Ljouwert. Ek hjir is de oprop: it moat mekoar net yn it paad sitte.
© Bureau voor Widdershoven architectuur en architecten BV

Omwenners

De omwenners fan it WTC-gebiet sille ynkoarten bypraat wurde op in ynformaasjegearkomste. Foar harren feroaret der wol wat. It wurdt kwa ferkear nochal wat drokker, as de plannen trochgeane. Boppedat komt der mear lûd, hielendal op dagen dat SC Cambuur thús spilet. Hoe wurde dy saken oplost? Komt der in lûdswâl? Dêroer sil de gemeente mei de omwenners yn petear moatte.

Beswierprosedures

Yn de planning foar dit projekt is in aardige termyn ynromme foar mooglike beswierprosedures. Dy kinne yntsjinne wurde, bygelyks om boppesteande lûds- of ferkearsoerlêst. It is fansels noch de fraach oft en hoefolle beswieren der binnenkomme.
In ympresje fan it nije Cambuurstadion © Bureau voor Widdershoven architectuur en architecten BV

Cambuur

De bespiler fan it nije stadion sil sels ek in finansjele bydrage leverje moatte. Cambuur moat seis miljoen euro bydrage. "Dat moet lukken", sa tinkt Cambuurdirekteur Gerald van den Belt. "In verhouding tot de gehele investering in het gebied, is zes miljoen euro een heel klein bedrag."
In part fan dy seis miljoen euro sil fia in liening by de bank finansierd wurde, in oar diel wol de klup binnenhelje troch sertifikaten te ferkeapjen. De klup hopet dêrmei sa'n twa fan de seis miljoen euro binnen te heljen.
Om de totale som op it kleed te krijen, hat Cambuur noch mear as twa jier de tiid. It moat betelle wurde, wannear't it stadion ek echt oplevere wurdt.

Earste peal

Yn it geunstigste gefal giet de earste peal foar it nije Cambuurstadion yn oktober 2019 de grûn yn. Der is foar de bou sa'n oardel jier nedich en dus soe it stadion yn maaie of juny 2021 foar in grut part klear wêze moatte.
As echte opleverdatum wurdt rekkene op 1 july 2021. Fan it seizoen 2021/2022 ôf kin Cambuur syn wedstriden dan spylje yn it nije stadion en hat Ljouwert der in folslein renovearre WTC-gebiet by.