Aksjegroep tsjin sânwinning Iselmar is bliid mei útstel beslútfoarming

De aksjegroep tsjin de sânwinning yn de Iselmar is bliid mei it útstel fan de beslútfoarming oer de sânwinning dêr't opskuor oer is. De gemeenteried soe woansdeitejûn in beslút nimme oer de oanfraach fan it bedriuw Smals. Koälysjepartijen CDA, FNP en VVD fine dat net ferstannich as yn de Twadde Keamer noch fragen oer de sânwinning binne.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Dat dy beslútfoarming no útsteld wurdt, hâldt neffens Jelle Draijer fan de aksjegroep net yn dat sy thús bliuwe.
Der komme twa bussen fol tsjinstanners fan de sânwinning nei it gemeentehûs op 'e Jouwer. "Wy wolle ús al hearre litte", seit Draaijer. It is neffens him goed dat der langer neitocht wurdt om ta in goed beslút te kommen.
De aksjegroep sil him ek fierder beriede op aksjes om de komst fan de sânwinning te kearen.

Smals bemuoit him der net mei

Wurdfierder Cor de Nijs fan Smals wol net op de lêste ûntwikkelingen reagearje. Wat it bedriuw oanbelanget, hat it sels alle prosedueres goed trochrûn. Wat der no bart, is neffens de wurdfierder in polityk ferhaal en dêr bemuoit it bedriuw him net mei.
Der sil gjin delegaasje fan it bedriuw nei Fryslân reizgje om de gearkomste by te wenjen.
© ANP

Gjin reden foar nij ûndersyk

Minister Van Nieuwenhuizen sjocht gjin reden om op 'e nij ûndersyk te dwaan nei de plannen foar sânwinning yn de Iselmar. Dat seit se nei oanlieding fan keamerfragen dy't steld wiene.
Neffens de minister hat út eardere ûndersiken bliken dien dat der gjin signifikante negative effekten foar de natuerwearden te ferwachtsjen binne. Dêrneist is de kar foar de lokaasje neffens de minister soarchfâldich makke.
Eardere plannen om tichteby de Noardeastpolder sân te winnen, ha it net helle om't dêr wol sprake wêze soe fan fersteuring. Oft it inisjatyf al of net trochgiet hinget ôf fan de fergunningen dy't provinsje en gemeente ôfjaan moatte. De provinsje hat al oanjûn dat se gjin betinkingen tsjin de plannen ha.