LF2018 is foarby, it grutte opromjen kin begjinne

It jier fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd is ôfrûne wykein definityf ôfsletten, mar nei it einfeest docht in grut skala oan oerbliuwsels yn de stêd noch oan it kulturele feest tinken. Fan stuollen oant flaggen en fan posters oant grutte opplakletters, mar dat duorret net lang mear. Tiisdei is de opromming úteinset.
LF2018 is foarby, it grutte opromjen kin begjinne
Under oare by it stasjon yn Ljouwert. Dêr wurdt hurd wurke om 'Welcome' fan it âlde Aegongebou ôf te heljen. It wurd wie moannenlang it earste boadskip foar de tûzenen toeristen en besikers dy't Ljouwert oandiene.
No is it feest echt klear, fertelt Radboud Droog, fan Kulturele Haadstêd. "We zijn hier aan het opruimen, en het publiekscentrum gaat nu dicht." Yn it gebou lizze op dit stuit noch wol allerhande saken dy't it ferhaal fan it ôfrûne jier fertelle, lykas pallets, stuollen, ynformaasjefolders, skilderijen en foto's. "Het maakt een beetje weemoedig en deemoedig als ik dit zo zie. De symboliek zit er wel in."

In nij libben

De lokaasje by it stasjon wie it folsleine jier in hotspot foar de tûzenen toeristen dy't mei de trein nei Ljouwert ta kamen. Hjir koene se ynformaasje krije oer de aktiviteiten en eveneminten fan LF2018. Dat is no net mear nedich.
It is net de ein fan LF2018 en ek net de ein fan fan it guod dat brûkt is foar Kulturele Haadstêd. "Er worden veel dingen gerecycled." Sa wurde de pallets en it hout reservearre foar keunstners dy't it brûke kinne. De flaggen dy't rûnom yn de provinsje en by de stêd hongen, wurde ophelle om troch Omrin ferwurke te wurden ta taskes. Al is LF2018 foarby, it histoaryske jier sil op allerhande wizen noch wol lang by ús bliuwe.
Harkje nei in reportaazje oer it opromjen