FIDEO: Noch ien kear weromsjen op LF2018

It wie sneintejûn gjin knalfeest dêr't tûzenen minsken op ôf kamen, sa as by de iepening fan it Kulturele Haadstêdjier.
Slotfeest LF2018
It slotfeest by de Oldehou yn Ljouwert wie in lyts feest mei stamppot en sûkerbôle. Der waard werom sjoen en der waard foarút sjoen. Want wat der dit jier allegearre loskaam is, moat bestean bliuwe, sa fynt de organisaasje, mar ek de Fryske polityk.