De offisjele aftermovie fan LF2018: "Dit jier is nea foarby"

Mei de offisjele aftermovie fan LF2018 nimt de organisaasje ús noch ien kear mei nei ferskate hichtepunten fan dit jier yn Fryslân. We sjogge bylden fan bygelyks de iepening fan LF2018, de Escher-tentoanstelling, Lost in the Greenhouse, de 11fountains, de Reuzen fan Royal de Luxe, 8ste Dag en De Stormruiter.
Aftermovie LF2018
Mar der is ek omtinken foar it Fryske lânskip. Dat is neffens de stim yn de fideo ús poadium, in juwieltsje dat we beskermje moatte. Dêrby toant de fideo de greide, strannen, kanalen en marren.
En der sitte ferskate boadskippen yn de fideo. "Mei ambysje komt útdaging, mei ferwachting komt teloarstelling" is ien dêrfan. En: "Jou jonge artysten in kâns en jou nije stimmen in poadium."

Enerzjy fêsthâlde

De makkers roppe ús ek op om de enerzjy fan dit jier fêst te hâlden: "Litte we fierder bouwe op dit jier en de kultuer de wei wize litte." En dat moat mei-inoar. "We ha inoar nedich om it paad foar ús út te bouwen. Dit jier is nea foarby. Litte we tegearre dreame, dwaan en oars wêze. Litte we trochgean dapper en kreatyf te wêzen. Want ús takomst is no."
En as ôfsluter: "We binne noch mar krekt begûn."