Slingerjende Oerterper rydt stopteken foarby en komt ta stilstân tsjin ferkearsboerd

Yn de nacht fan sneon op snein is in 29-jierrige Oerterper mei syn auto yn Ljouwert tsjin de fangrail riden. Dat barde nei't er in stopteken negearre hie. De man wie ûnder ynfloed fan alkohol.
© twitter @politie_lwdn
Krekt nei fiven moarns betiid hearde de plysje fan in slingerjende auto yn Ljouwert. Sy joegen de man in stopteken op de Aldlânsdyk, mar de bestjoerder ried fierder. Doe't er ôfslaan woe op it Drachtsterplein, kaam er tsjin de fangrail oan. Dêrby rekke de auto én in ferkearsboerd swier skansearre.