Auto oer de kop by Skalsum

Op de A31 tusken Ljouwert en Harns is by Skalsum snein oan de ein fan de moarn in auto oer de kop flein. De auto kaam yn de middenberm terjochte. Der waard in ambulânse oproppen om help te ferlienen.
Auto oer de kop by Skalsum © Srfotografie
It is noch net bekend of der by it ûngelok minsken ferwûne rekke binne. It oare ferkear koe op de oare rydbaan by it ûngelok delride. In berger hat de auto ophelle.