Nederlân hellet goud op de ploege-efterfolging
De Nederlânske reedridersploech, mei Douwe de Vries fan Hallum, hat freed goud helle op de efterfolging. Dat wie by de twadde wrâldbeker reedriden, op bûteniis, yn Japan.

De Nederlânske frouljusploech helle in fjirde plak. Op de 500 meter helle Jan Smeekens fan Snits brûns. Janine Smit fan It Hearrenfean wurde by de froulju 17e.