Theo Joosten wurdt ynformateur yn de nije gemeente Noardeast-Fryslân

Theo Joosten is de ynformateur foar de nije gemeente Noardeast-Fryslân. Joosten hat bestjoerder yn it ûnderwiis west en is bestjoersfoarsitter fan CDA Fryslân. Joosten wie yn it ferline ek al ynformateur yn Waadhoeke.
© Twitter Harry van der Molen
De ferkiezingen yn Noardeast-Fryslân binne wûn troch it CDA. De partij krige 3.761 stimmen en 7 sitten, wylst de FNP 2.634 stimmen krige, en dêrmei 5 sitten behelle. Joosten sil dwaande mei it sykjen fan partijen foar in koälysje.
De gemeente Noardeast-Fryslân ûntstiet op 1 jannewaris út de weryndieling fan de gemeenten Ferwerderadiel, Dongeradiel en Kollumerlân c.a.
As de ynformateur klear is mei syn advys, begjint de formaasje. De wethâlders wurde wierskynlik op 2 jannewaris beneamd.