Fjouwer jonges huldige foar rêdingsaksje yn Harns

De fjouwer jonges dy't begjin augustus in oare jonge út it wetter fan de Suderhaven yn Harns rêden ha, binne tongersdei huldige.
Jelmer van der Vies, Jitze de Jong, Broer de Jong, boargemaster Roel Sluiter, Evert Algra, Douwe de Boer, Sander Mulder © Gemeente Harns
Boargemaster Roel Sluiter fan Harns ûntfong alle belutsenen en hy betanke de rêders. Sy krigen ek in oantinken út namme fan de gemeente.