Grûndelgong yn Nederlân giet hurder as ferwachte

De grûndelgong yn Nederlân giet folle hurder as ferwachte. Dat docht bliken út de grûndelgongskaart dy't tiisdei presinteard wurdt troch it Nederlands Centrum voor Geodesie en Geo-Informatie.
Grûndelgong yn Nederlân giet hurder as ferwachte
As de grûndelgong sa trochgiet, dan kin dat neffens de ûndersikers de ein betsjutte fan it karakteristike Nederlânske lânskip mei greiden, kij en mûnen en liede ta in enoarme skea oan de histoaryske sintra.
Grûndelgong yn byld © Bodemdalingskaart
Mei de kaart ha de ûndersikers foar it earst ûnderskied makke yn de djippere oarsaken fan grûndelgong lykas gaswinning en klimaatferoaring. Yn de fean- en klaaigebieten is de drûchte it grutste probleem. Troch de waarmte fan ôfrûne simmer ûntstiene skuorren en fersakkingen yn de grûn.
In foarbyld fan grûndelgong is de pleats fan de famylje Dekker yn Spangea. Ferslachjouwer Timo Jepkema wie by de famylje.