Bewenner duorsumste hûs fan Fryslân meldt him ôf foar lanlike ferkiezing

Gjin gas, sels wetter opwaarmje, de ruten precies op it suden. It duorsumste hûs fan Fryslân hat it allegearre. It hûs stiet yn Feanwâlden en is fan Marc en Geke van der Wal. Sy hawwe it hûs sels boud en dat is ferkeazen ta it duorsumste hûs fan ús provinsje. Op freed 23 novimber binne de lanlike ferkiezings dêr't se oan meidwaan meie, mar dêr hat de famylje Van der Wal him foar weromlutsen.
Marc van der Wal oer it stimmen

"Dizze publyksstimming is net earlik"

De stimming fynt plak troch publyksstimmen en dat is neffens de eigener net earlik. It giet dan net mear om wa't it duorsumste hûs hat, mar om wa't it grutste netwurk hat, seit Van der Wal. Foar it sliepen gean seach Van der Wal faak efkes hoe't de teller stie en moarns by it wekker wurden ek. "Dan wie in hûs yn in nacht wol mei 80 stimmen omheech gien. Dat fûn ik raar, want safolle minsken wurkje der ek net nachts", fertelt er.

Fyftich stimmen tagelyk

Van der Wal frege syn neef om it ek te besykjen en it slagge him om it hûs fan Van der Wal fyftich stimmen derby te jaan. Doe hat Van der Wal kontakt opnaam mei de organisaasje en sein dat er it net earlik fûn en dat er him weromluts út de lanlike ferkiezing. De provinsjale ferkiezing is net ferrûn mei publyksstimmen. "Dat wie gewoan in earlike race dêr't sjoen is nei hoe duorsum oft it hûs is", fertelt er.
It hûs fan Geke en Marc van der Wal is yn fan alles duorsum. De ruten binne op it suden, de ôfsûchkap lit de waarme lucht net nei bûten, mar slacht it op en alle apparaten hawwe it grienste enerzjylabel.
Marc van der Wal oer syn duorsumme hûs