Kramer seit ek ôf foar 5000 meter op earste wrâldbeker yn Japan

Nei syn eardere ôfsizzing op de ploege-achterfolging hat reedrider Sven Kramer no ek ôfsein foar de 5000 meter yn Japan. De 32-jierrige Fries hat pinerêch en kin dêrom net meidwaan oan dizze ôfstân op de earste wrâldbekerwedstriid fan it seizoen.
© www.orange-pictures.nl
Kramer die sneon noch wol mei oan de 1500 meter yn Obihiro. Hy ried net al te bêst. Yn de B-groep waard er fjirde yn in teloarstellende tiid (1.48,10).
Takom wykein is de twadde wrâldbekerwedstriid yn Japan. Kramer bliuwt yn Japan om yn Tomakomai oan de start te ferskinen.