Meardere minsken ferwûne by ûngelok foar Ljouwerter brânwachtkazerne

By in ferkearsûngelok yn Ljouwert binne meardere minsken ferwûne rekke. Twa auto's binne tsjin mekoar oan riden. Yn totaal soene der fiif of seis minsken yn sitten ha.
© Robert Jan Boonstra
It ûngelok barde flakby de brânwachtkazerne. De brânwacht soe ien persoan de auto út holpen ha. Oare ynsitters soene der selsstannich út kommen wêze.
Der wiene meardere ambulânses útriden om de slachtoffers te helpen. Guon binne meinaam nei it sikehûs. It is net dúdlik hoe slim oft de ferwûnings binne.
De Aldlânsdyk yn Ljouwert hat in skoft ticht west. It is net dúdlik hoe't it ûngelok ûntstean koe.