Lanlike betinking ferkearsslachtoffers mei 613 lege stuollen yn Ljouwert

De lanlike betinking fan ferkearsslachtoffers is dit jier yn Fryslân. De gearkomste is sneintemiddei yn de Ljouwerter Achmeatoer. Dêr komme ûnder oare ferkearsminister Cora van Nieuwenhuizen en deputearre Sietske Poepjes oan it wurd. Ek sprekke minsken dy't by in ferkearsûngelok swier letsel oprûnen en neibesteanden fan slachtoffers dogge harren ferhaal.
© Omrop Fryslân
Op it Saailân steane snein 613 lege wite stuollen. Dy symbolisearje de Nederlânske ferkearsdeaden yn 2017. Minsken fan Traffic Informers binne dêrby. Sy ha sels harsenletsel krigen troch in ferkearsûngelok.
It is snein de World Day of Remembrance of Road Traffic Victims. Oer de hiele wrâld wurdt dan stilstien by minsken dy't yn it ferkear omkommen binne.