Liveblog | 16 novimber 2018

LIVEBLOG: Saak tsjin skipper Amicitia om deadlik ûngelok yn Harns

By it ûngelok op syn skip kamen trije Dútsers om it libben. De skipper wurdt ferfolge foar dea troch skuld.
Lêst bywurke: 16 novimber 2018, 17:21
17:13

Sitting en liveblog sletten

De harksitting oer de Amicitia is ôfsletten. Tsjin de fertochte is in wurkstraf fan 200 oeren easke en trije moannen selstraf ûnder betingst. Wy slute no ek ús liveblog. Tige tank foar it folgjen.
16:49

Fertochte

De fertochte is oan de ein fan de harksitting yn triennen en seit ûnder oare dit: "Ik weet niet wat ik had kunnen doen om dit te voorkomen. Het ongeval had immens trieste gevolgen. En ik realiseer me dat ons verdriet in geen enkele verhouding staat tot wat de nabestaanden van de slachtoffers meemaken." De sitting wurdt no ôfsletten.
16:26
Van der Goot: "Noodlottige ongevallen kunnen ontstaan zonder dat er sprake is van schuld." Hij wol frijspraak. No mei de offisier fan Justysje reagearje.
16:02
Mêstemakker is gjin beskerme berop, seit de advokaat. Der wurke in timmerman mei ûnderfining oan de reparaasje fan de mêst. It fuortheljen fan de plaat en de reparaasjes kin hiel goed gebeurd wêze op it stuit dat de fertochte net mear op de werf komme mocht. Hy wist der ek neat fan. "Wat kan je de cliënt dan nog verwijten", freget Van der Goot him ôf. De timmerman hie trochpakke moatten, doe't hy skimmel fûn op it plak dêr't letter de mêst bruts en dochs op ien of oare wize de fertochte ynformearre moatten. Van der Goot set in fraachteken by it feit dat de saak fan de timmerman seponearre is.
15:36

Tjalling van der Goot

Tjalling van der Goot is de advokaat fan de fertochte. "Diverse uitgewerkte verwijten in de tenlastelegging staan niet in relatie tot het ongeval", seit hy. En 'grove nalatigheid' falt net te bewizen. De offisier fan Justysje hat trouwens ek oanjûn dat it om in lichte foarm fan ferwytberhied giet. Is ferbjustere dat der sa maklik omgong wurdt mei it feit dat de mêst sertifisearre wie nei in keuring yn de 2012 en dat der yn 2014 nochris nei sjoen is. Syn kliïnt hat alles dien wat er dwaan moast. Dat dy keuring achternei ûnfoldwaande wie, is in probleem fan de brânsj of de keuringsynstânsje.
15:08

De eask

Tsjin de fertochte wurdt it foljgende easke: wurkstraf fan 200 oeren en trije moannen selstraf ûnder betingst.