FIDEO: IepenUP oer Classic Gaming

Woansdeitejûn stie IepenUP Live yn it ramt fan 'classic gaming'. It gie oer de earste generaasje fan ûnder oare de PlayStation, Xbox, Nintendo, Atari en noch folle mear. Dêrneist fertelden Tim Laning, Ate van der Meer en Frank Bosman ús oer watfoar rol games in harren libben spylje. Joris Hoebe brocht in oade oan de nije game Red Dead Redemption 2.

IepenUP

Alle woansdeis stean yn it programma de aktualiteiten yn de wrâld sintraal. Hoe libje wy mei ús allen, hokker subgroepen meitsje dêr diel fan út en hoe soargje wy derfoar dat wy inoar faker moetsje en better begripe? Dat binne saken dy't oan bar komme yn IepenUP.
Elkenien kin oanwaaien komme en meidwaan oan de diskusjes yn kafee De Backstage yn poppoadium Neushoorn. It programma set alle woansdeis om 20.00 oere útein en is te folgjen op Omropfryslan.nl, yn de Omrop-app en op de Facebookside fan Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer IepenUP is te finen op de Facebookside. IepenUP is in inisjatyf fan Omrop Fryslân, Tresoar en Neushoorn Café en LF2018.