Tonneloads op Skylge wurdt ynfo- en beleefsintrum

De tonneloads op Skylge wurdt ferboud. De loads dy't yn West stiet is no noch in bedriuwsloads, dêr't wurke wurdt oan de betonning fan it Waad. Yn 2019 wurdt de loads útwreide mei in ynformaasje- en beleefsintrum.
© Rijkswaterstaat
Zjef Budé fan Rykswettersteat oer de plannen mei de tonneloads op Skylge
Toeristen kinne der ynformaasje krije oer it eilân en it Waad. Dêrneist is it plan om nei te meitsjen wat der bart yn de Brandaris. Bygelyks hoe't de skippen oanstjoerd wurde. De loads krijt in bestimming foar gemeente, Steatsboskbehear en Rykswettersteat. De ferbouwing sil ûngefear in jier duorje.