Plysje hâldt ekstra kontrôles yn Grou fanwege wenningynbraken

De plysje yn Grou hat de ôfrûne dagen ekstra surveillearre yn Grou fanwege wenningynbraken, dy't dêr de lêste tiid in soad plakfine. Tagelyk hat de plysje kontrolearre op fytsferljochting. Dêrfoar waarden njoggen boetes útdield.
© Omrop Fryslan
By ferskate ferljochtingskontrôles rûnom yn Ljouwert binne tsien boetes útdield. De plysje sil de kommende tiid mear op de ferljochting fan fytsers kontrolearje.