Follybalfroulju fan VC Snits winne mei 3-1 fan Brabânske tsjinstanners

De follybalfroulju fan VC Snits ha yn Noard-Brabân mei 3-1 wûn fan Sint Anthonis. Yn de Activiahal wiene de earste twa sets foar Snits, mei 25-15 en 25-23. De tredde set gong ferlern, mei sân punten ferskil. De fjirde set wûnen de Snitsers mei dyselde marzje.
© Martin de Jong
Snits stiet no sânde yn de earedifyzje, mei tolve puten út sân wedstriden.