Wêrom hat Grinzer symboal Peerd fan Ome Loeks in Frysk tekkentsje?

De Fryske studinteferiening F.F.J. Bernlef yn Grins hat op ludike wize oandacht frege foar de iepen dagen fan de klup op 13, 14 en 15 novimber. De studinten ferklaaiden sneontenacht ien fan de symboalen fan Grins, it Peerd fan Ome Loeks, op Fryske wize.
© Studinteferiening F.F.J. Bernlef
It byld foar it stasjon fan Grins hat in fleecetekken mei Fryske pompeblêden op de rêch krigen en de poaten binne ynpakt mei Frysk pakpapier. Op in boerd by it byld falt te lêzen: "It bêste peerd... is in Frysk hynder!"

It Peerd op de Fryske seedyk

De ôfrûne moannen hawwe der wol faker ludike aksjes west mei it Peerd fan Ome Loeks. Nei't it byld op 24 septimber sûnder berjocht fuorthelle wie fan syn sokkel op it Grinzer stasjonsplein, dûkte it samar ynienen op oan de Fryske kant fan de seedyk by Lauwerseach. Dizze aksje wie bedoeld as knypeach nei De Stormruiter mei allegearre Fryske hynders.
Al gau die bliken dat it op de seedyk om in replika gie en it echte byld foar ûnderhâld yn in loads stie. It ûnderhâldsbedriuw siet yn it komplot. De replika is letter nei Ljouwert brocht om reklame te meitsjen foar Kulturele Haadstêd.
Sûnt 9 oktober stiet it echte Peerd fan Ome Loeks wer netsjes op syn fertroude plakje foar it stasjon fan Grins.