FNP Ljouwert wol demonstraasjeferbod by Sinteklaasyntocht

De gemeentlike fraksje fan de FNP yn Ljouwert fynt dat in demonstraasje fan aksjefierders tsjin Swarte Pyt by de Ljouwerter yntocht fan Sinteklaas ferbean wurde moat. De partij ropt boargemaster Ferd Crone op om yn aksje te kommen, no't in soartgelikense demonstraasje yn Den Haag fan de boargemaster dêr net trochgean mei.
© Omrop Fryslân, Alle Faber
De aksjegroep Kick Out Zwarte Piet hat ûnder oare yn Ljouwert en Dokkum demonstraasjes oankundige by de yntocht fan Sinteklaas. De Ljouwerter FNP-fraksje fynt dat der op de dei fan de yntocht gjin demonstraasjes wêze meie en wol dêr yn de hiele gemeente in ferbod op.