Kramer en Roest yn aksje op de ploege-efterfolging

Sven Kramer en Patrick Roest komme by de twa earste wrâldbekerwedstriden fan it reedrydseizoen út op in ûnderdiel ploege-efterfolging. Se binne tegearre mei Marcel Bosker oanwiisd troch de seleksjekommisje fan it reedridersbûn KNSB.
© OrangePictures
De earste wedstriden binne 16 oant en mei 18 novimber yn Obihiro en fan 23 oant en mei 25 novimber yn Tomakomai. Douwe de Vries is allinnich by de earste wedstriden yn Obihiro fan de partij.
By de froulju binne Ireen Wüst, Antoinette de Jong, Lotte van Beek en Joy Beune oanwiisd foar de ploege-efterfolging.