René van der Weij wurdt de nije trainer fan SC Genemuiden

René van der Weij wurdt mei yngong fan it nije fuotbalseizoen de trainer fan SC Genemuiden. Hy wurdt by dy klup de opfolger fan Jan van Raalte fan De Harkema. De 35-jierrige Van der Weij, âld-spiler fan ûnder oare SC Cambuur en Harkemase Boys, is op dit stuit trainer fan sneonshaadklasser VV Buitenpost.
René van der Weij © www.orange-pictures.nl
Van der Weij hat by dy klup fjouwer jier haadtrainer west. Dêrfoar wie hy twa jier assistint-trainer. René van der Weij promovearre foarich seizoen mei Bûtenpost nei de haadklasse, it heechste nivo dat de klup yn syn bestean helle hat. Op dit stuit stiet Bûtenpost tsiende yn de haadklasse B.
Genemuiden komt út yn deselde haadklasse en stiet op dit stuit op in achtste plak.
René van der Weij hat by Genemuiden in kontrakt tekene foar ien jier. Op sneon 1 desimber spylje beide klups foar de kompetysje tsjin elkoar yn Genemuiden.