WoonFriesland ynvestearret miljoenen yn duorsume apparteminten yn Ljouwert

Nije badkeamers, húskes en keukens en it pleatsen fan sinnepanielen. It sosjale ferhierbedriuw WoonFriesland lit 124 wenningen oan De Anjen en it Anjenplein yn Ljouwert opknappe en duorsum meitsje.
Anjenplein yn Ljouwert © WoonFriesland
It wurk oan de apparteminten yn de flats is al sûnt septimber geande en moat yn april takom jier dien wêze. De hiele operaasje kostet 6,3 miljoen euro.