Fraude troch meiwurker kostet BV Sport yn Ljouwert 4,5 ton

De skea fan de fraude by BV Sport yn Ljouwert is 450.000 euro. Dat hat de gemeente Ljouwert bekend makke. In bedrach fan 61.000 euro koe weromfoardere wurde.
© Shutterstock.com
BV Sport ûnderhâldt yn Ljouwert de sportfoarsjennings. Begjin april waard dúdlik dat in meiwurker jild efteroer drukt hie.
In manager hie it jild brûkt foar gokken op ynternet. De man krige fuort dien en der is oanjefte dien. It bedrach komt foar de rekken fan BV Sport. Dy slút it jier ôf mei in tekoart.