Kommissaris Arno Brok wurdt nije foarsitter fan 'regiecollege waddengebied'

Kommissaris fan de Kening Arno Brok wurdt de nije foarsitter fan it 'regiecollege waddengebied'. Hy folget Bas Eenhoorn op, dy't oanjûn hat dat hy ophâlde wol as foarsitter.
Arno Brok © Omrop Fryslân
Brok sil as foarsitter lieding jaan oan de gearkomsten fan it rezjykolleezje. Dan giet it ûnder oare oer de plannen om it foech en it behear oer it waadgebiet ienfâldiger te meitsjen.
No is dat foech en behear ferdield oer in grut oantal partijen, lykas it ministearje fan Lânbou, Rykswettersteat, de provinsjes, de wetterskippen en de gemeenten.