Nije baan foar âld-minister Halbe Zijlstra

Ald-minister Halbe Zijlstra fan Easterwâlde wurdt de nije strategydirekteur fan bou-ûndernimming VolkerWessels. Dat befêstiget in wurdfierder fan it bedriuw yn De Telegraaf.
Halbe Zijlstra © ANP
Zijlstra wie koarte tiid minister fan Bûtenlânske Saken, mar hy kaam yn de problemen doe't er ferkearde ynformaasje joech oer in petear yn de datsja fan de Russyske presidint Poetin. Zijlstra sei dat er by dat petear west hie, mar dat wie net wier. Nei in swier debat hat de politikus dêrnei de eare oan himsels hâlden.