Kollum: "Ternaard"

"Yn Amearika wiene juster ferkiezings foar it Senaat en Huis van Afgevaardigden. Gewoanwei ha we dêr net sa hiel folle omtinken foar, mar om't yn Amearika lange rigen foar de stimburo's stiene en om't Trump fia de ferkiezings sterker of swakker wurde soe, stienen we hjir op de earste rige. Ik hearde Jouster Charles Groenhuizen oates en toates fertellen hoe't it 20 jier lyn yn Amearika wie.
Eelke Lok © Omrop Fryslân
De Toan fan Eelke Lok
Op 21 novimber binne der gemeenteriedsferkiezings foar de nije gemeente Noardeast-Fryslân. Op in gewoane ferkiezingsdei soenen we der totaal gjin omtinken foar ha. Mar no binne se ynienen wichtiger as de provinsjale ferkiezings. Miskien altyd wol, mar dêr ha we it no net oer.
Njoggen partijen dogge mei. Hoe kinne der njoggen minsken yn Noardeast-Fryslân sa ferskillend fan elkoar tinke dat se in partij oprjochte ha. In ellinde foar in gesprekslieder fan in ferkiezingsjûn, want se ha alle njoggen rjocht op praten. Dat wie fan 'e wike ek sa. Se wienen yn Ternaard. Dat wie moai, want der is wat mis mei Ternaard en as se dy ferkiezingsjûn net hân hienen, hienen we it noait witten. Gas. Dat wat we noch brûke meie yn Nederlân, moat ûnder Ternaard weikomme.
Ternaard leit net sa fier fan Grinslân ôf. Dat is fanwege gasboarrings sa fersakke dat de NS no betocht hat dat je der mar wat hurder weikomme kinne moatte. It is net mear as in kertier, mar it moaie dêrfan wie dat Johannes Kramer en Assen lilk waarden en dan krije je as Grinzer wer wat mear selsbetrouwen.
Ternaard. Besoarge dat it ek fersakje sil. Miskien donderet de hiele seedyk wol yn elkoar. Johannes Kramer en al dy oare provinsjale 'hotemetoten' soenen folle hurder oan hokker belle dan ek skuorre moatte, mar se litte Ternaard iensum modderje. Dat dogge we allegearre. As Holwerd-aan-Zee triomfantlik fuortdroegen wurdt troch Sybolt Buma, dan sizze dy Holwerters net: set ús efkes del Buma, want we moatte it earst efkes oer ús buorlju ha. Nee. Dus gjin wûnder dat it de hiele ferkiezingsjûn oer it gas gie yn Ternaard.
In folslein ûnsinnich debat. Je kinne alle njoggen wol wat ferskillends fine, mar de ien komt no ienris út in gruttere partij as in oare. Je kinne op sa'n ferkiezingsjûn as ienling wol wat lûder roppe as ien fan it CDA, as de stimbriefkes ynfolle wurde, hat it CDA der fansels alles te sizzen. Ik kin dêr wol in hiel ferhaal oer hâlde, mar dan noch sizze de measte lju dêr dat se krekt sa stimme sille as dat heit se yndertiid leard hat.
It CDA, Liuwe Sytsma, hie op de jûn in skitterjend ûntwykferhaal. Ja miskien soe it better wêze dat der net nei gas boarre wurde soe, mar yn elk gefal moat der wol los gien wurde mei in nij inisjatyf fan de ryksoerheid. In 'omgevingsvisie', ik lit it mar Hollânsk. Prate mei de befolking fan Ternaard. Dan kinne se dêr fertelle wat se graach oan betingsten ha wolle soene, as der boarre waard. Dus net: der mei al of net boarre wurde. Nee, wat as der wol boarre wurdt?
Ternaard leit flak by Grins. Grinzers ha kopertried útfûn doe't se fochten foar in sint. Dus der wiene op dy jûn nochal wat lju dy't seine: dan kinne we moai wat jild freegje as der boarre wurdt. No, dêr krije je dan, as de NAM de boaren yn 'e grûn stekt, miskien de helte fan. As je foar it 'omgevingsproces' binne, binne je foar boaren, seinen oaren.
Sterker, de partijen Sociaal in Noardeast-Fryslân en de Waddenpartij krigen applaus fan de soarchlike Ternaarders, doe't se seine dat se net mei in partij yn it kolleezje sitte sille dy't in 'omgevingsproces' wol ha wolle. Ja, dat kinne se maklik sizze, it is net wierskynlik dat se frege wurde sille foar it kolleezje. En as dat wol sa wêze soe, kinne je better yntern fjochtsje, as dat je net meidogge, want dan binne je mar ien dei de held fan de befolking.
Mar tinke jim no echt dat al of gjin gas yn Ternaard beslikke wurdt troch gemeentlike jonkjes en famkes. Dat beslisse oaren. Foardat de gemeenteried ynstallearre is, is der al lang boarre. Sa as ik sei, in ûnsindiskusje. Want we witte no noch net op wa't we stimme moatte."