Sportoersjoch: wrâldkampioen Epke, reedriden, Hearrenfean en Berenloop

Alle moandeis sjogge we yn Fryslân Hjoed werom op de Fryske sportprestaasjes yn it ôfrûne wykein. Sportferslachjouwer Roelof de Vries skoot oan.
Sportoersjoch: wrâldkampioen Epke, reedriden, Hearrenfean en Berenloop
Hjoed oer:
* De fenomenale oefening fan Epke Zonderland op de rekstôk, goed foar syn tredde wrâldtitel
* SC Hearrenfean is der wer net yn slagge om te winnen yn it eigen stadion. Yn 'e slotfaze skoarde Emmen de 1-1
* De shorttrackers hiene de earste wrâldbekerwedstriid fan it seizoen, yn Calgary
* Dit wykein wienen yn Thialf de kwalifikaasjewedstriden foar de wrâldbeker
* En de wedstriid fan 'e wike, dat wie de maraton op Skylge, de Berenloop.