Dronken Jobbegeaster rint by beam omheech

De plysje yn Ljouwert seach moandeitemoarn betiid in dronken man oer de Stasjonsstrjitte yn de haadstêd rinnen. Foar't se de man oansprekke koene, botste de 24-jierrige Jobbegeaster tsjin in beam oan. De man koe ienfâldich oanhâlden wurde en krige in proses-ferbaal foar iepenbier dronkenskip.
Beammmen yn it park © Shutterstock.com